Yn Easterlittens is grutte lulkens oer it ôfblazen fan de bou fan fiif hierwenten yn it doarp. Wenningboukorporaasje Elkien lit sân hierwenten slope en soe dêrfoar yn it plak fiif nijen bouwe. Freed makke Elkien lykwols bekend dat de plannen net trochgean. Troch de krimp en de krisis soe it net helber wêze.

Foar de bewenners fan dy sloopwenten is dat in grutte skok. Guon soene tydlik nei in oar plak om dêrnei werom te kommen yn de nije wenten.