Yn Easterlittens meie alve nije wenten boud wurde. Oan de Boalserterfeart wurde de frijsteande huzen boud. It giet om in kollektyf inisjatyf fan alve partikulieren dy't mei-inoar in 'CPO-feriening' foarmje. Dat is in Collectief Particulier Opdrachtgeverschap.

Neffens boargemaster Liemburg is bouwe yn in kollektyf by lytse doarpen de takomst. Der is belangstelling foar in nij projekt, mar de gemeente wachtet earst ôf hoe't dit projekt rint.